Wa wint de Fryske Kultuerpriis 2022?

13-12-2022 LEMMER – Ek dit jier set de gemeente in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn ús gemeente yn it sintsje, mei de Fryske Kultuerpriis. Nij is dat wy de priis fertoan útrikke op ‘de dei fan de memmetaal’, 21 febrewaris 2023. De priis bestiet út in bedrach fan € 750. De lêste kear wûn Stoffel Zandstra fan De Lemmer.

Meld in inisjatyf by ús oan!
Kinne jo in persoan, organisaasje of groep dy ’t him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal yn
De Fryske Marren? En fine jo dat dy de Fryske Kultuerpriis 2022 fertsjinnet? Of wolle jo sels de Fryske Kultuerpriis yn ‘e wacht slepe? Mail dat dan úterlik freed 27 jannewaris 2023 nei communicatie@defryskemarren.nl, t.a.f. Yde Wierda.

Fansels is it fan belang dat jo derby sette werom’t dizze persoan, feriening of groep de priis ferstjinnet. Omdat de priis oer 2021 net útrikt is, dogge ynisjativen út dat jier ek mei. De gemeente is benijd nei jo nominaasjes!