1e priis fotowedstriid Himmelaksje foar Lieke de Groot út De Lemmer

16-10-2021 LEMMER – Prachtich waar, de Himmelders kinne op en top genietsje fan har tocht lâns de Iselmar. De reis giet lâns plakken dy’t gewoanwei ferbean binne, dus der falt ûnder it opromjen troch in soad te ûntdekken. Dielnimmers bin útnûge har moaiste foto op te stjoeren foar in priisfraach. De priis fan de faksjuery, natuerfotograaf Jan Tijsma, is fallen op de foto fan Lieke de Groot fan De Lemmer.

1e prijs vakjury

Op de winnende foto binne learlingen fan it Zuyderzee Lyceum mei gripers dwaande it ôffal, faak plestik, út de kieren en naden fan it dykje lâns de Iselmar te heljen. De publykspriis is fallen op de foto fan Gea van der Wal fan Aldemardum dy’t sjen lit dat elke pier meinommen wurdt.

1e prijs publieksjuy

Moarns is it hiele stik fan De Lemmer oant De Hege Gerzen skjinmakke troch de mavo-boppebou fan it Zuyderzeelyceum. Middeis ha frijwilligers fan de kuststreek de strânen oant en mei Makkum ûnder hannen nommen.

Moandei wurdt yn it kader fan de Gaasterlandse Natuurweek de Mokkebank en it Aldemardumerklif noch himmele. Allebeide natoergebieten dêr’t je normaal net komme meie. Leafhawwers kinne har noch opjaan fia https://gaasterlandsenatuurweek.nl/activiteiten