Felix van Beek formateur gemeente De Fryske Marren

23-04-2022 LEMMER – Felix van Beek giet oan de slach as formateur yn gemeente De Fryske Marren. Mei de beëage koälysje fan FNP, PvdA, VVD en GrienLinks sil er de kommende tiid wurkje oan in akkoart. Felix van Beek is bekend mei de gemeente en it gebiet. Hy wie fjouwer jier wethâlder fan eardere fúzjegemeente Skarsterlân.  

FNP-fraksjefoarsitter Gerda de Vries: “De koälysjepartijen hawwe foar Felix van Beek keazen om syn romme bestjoerlike ûnderfining. Hy is bekend mei de gemeente, mar dochs ek lang genôch út de gemeente wei om mei in frisse blik nei de formaasje te sjen. Boppedat fynt de beëage koälysje de wize wêrop ’t de hear Van Beek mei minsken kommunisearret hiel noflik.”

Lange steat fan tsjinst
De op Terskelling weneftige Felix van Beek hat in lange steat fan tsjinst yn it iepenbier bestjoer. Hy wie ûnder oare wethâlder yn gemeenten Smellingerlân, Boarnsterhim, Littenseradiel en Skarsterlân, direkteur fan it âlde wetterskip Boarn en Klif en riedsgriffier yn Ljouwert en Alkmaar.

Formaasjeproses
Van Beek start it formaatsjeproses mei in jûn foar alle riedsfraksjes dy’t meitinke wolle oer it koälysje-akkoart. De ynbring fan dizze jûn brûke de koälysjepartijen om te kommen ta in akkoart op haadlinen. Felix van Beek: “Ik kijk er naar uit om aan de slag te gaan en een bijdrage te leveren aan een gedegen coalitieakkoord.”