10-03-2024 JOURE – It earste ljipaai fan Fryslân fan dit jier is fûn troch Anne Wind fan Penjum. Hy fûn it aai tiisdeitemoarn op in perseel by Ychtenbrêge. It earste aai is goedkard troch it BFVW, de Bond van Friese Vogelwachten.
Ut hannen fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok krijt Anne Wind de Sulveren Ljip en it finerslean. De seremoanje fynt tiisdeitemiddei om 14.15 oere plak op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Fan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren krijt de finer fan it earste ljipaai in oarkonde.