Ynstjoere: Oerheid besiket ûnder eigen belied wei te kommen bij beëage sânwinning yn de Iselmar

26-02-2024 LEMMER – It Ministearje fan I&W hat yn it kader fan de beëage Sânwinning yn de Iselmar fan 2025 – 2050 de Notitie Reikwijdte en Detailniveau (NRD) mei bijhearrend Participatieplan útbrocht.  Ferskillende organisaasjes en lokale aksjegroepen fan Gaasterkân ha in Sjenswize yntsjinne op de Notitie Reikwijdte en Detailniveau (NRD).

De oerheid stelt oan de iene kant beskermjende maatregels fêst foar loft, wetter en grûn en siket oan de oare kant romte om dêr ûnder wei te kommen. De oerheid wol oan de iene kant natoer beskermje, dat moat ek neffens de Jeropeeske ferdragen, en oan de oare kant sân ha foar de bou. De oerheid wol de klimaatdoelstellingen en de noarmen foar de wetterkwaliteit helje, mar de sânsûgerij kin trochgean, sels sûnder dêrop tasniene easken. Ek ûndersyk en ûntwikkeling fan duorsume boumetoades en materialen sjit net op, hoewol’t der in soad inisjativen fan lytse bedriuwen lizze. Underwilens nimt de fûgel- en fiskstân ôf yn de Iselmar. Alle aktiviteiten ha dêr in negative ynfloed op.

Dêr’t noch natoer en skjintme is, lit dat gewurde
Wij, Gaasterlân Natuerlân, de IJsselmeervereniging, Vogelbescherming Nederland en Aksjegroep Murns, Aldemardum en Himmelum, sjogge it sa: dêr’t op dit stuit noch wol natoer is, lit dy natoer dan gewurde. Yn stee fan it earst 30 jier te bedjerren om dan wer nije natoerprojekten te betinken of yn oare gebieten kompensaasje te sykjen. En dat wylst der oare mooglikheden binne.

Us oare punt is fansels de skjintme fan de Iselmar en har natoerlike kust oan de súdkant fan Fryslân. De widens, de rêst, de stilte, de donkerte, de kliffen, de sânbanken, de reidfjilden. Alle fûgels dy’t hjir hjerstmis delstrike op har trek, de guozzen bij ’t winter, de swannen simmerdeis. It frjemde heimsinnige lûd fan reidfûgels yn de maitiid. It is weardefol, foar ús, foar ús gasten, foar de fûgels foar it hiele bioferskaat. Te moai om wei.

Plannen fan it ministearje op dit stuit
De Notitie Reikwijdte en Detailniveau (NRD) is de earste stap op wei nei in planMER. Yn de NRD wurdt beskreaun wat foar de plan-MER ûndersocht wurde moat en hoe’t dat beoardiele wurdt. Hokker kritearia sille dus brûkt wurde om te besjen op hokker plakken yn de Iselmar wol of net sânwinning plakfine kin.

Der lizze trije alternativen foar:
Alternatyf 1: Gjin sânwinning yn de Iselmar;
Alternatyf 2: Sânwinning foar de gebietsdoelen (bijgelyks útwreiding stêden en befoardering natoer);
Alternatyf 3: Sânwinning foar in maksimale bijdrage oan it lanlike sânferlet.

Yn de PlanMER, dy’t ein dit jier pland is, wurdt in alternatyf keazen en dus beskreaun wer’t sânwinning mei. Wer dus yn it Iselmargebiet wol of net in fergunning foar sânwinnerij oanfrege wurde kin, en wat dêrfoar de betingsten binne.